Werynrjochting Merk Burgum los

02 okt 2014 - 11:39

Yn Burgum is tongersdei it startsein jûn foar de werynrjochting fan de Merk. Der wurdt 1,5 miljoen euro ynvestearre en der komme 100 parkearplakken by. De werynrjochting wurdt betelle troch de gemeente Tytsjerksteradiel en de provinsje. De ekstra parkearplakken binne nedich omdat der in Jumbo en Action yn it doarp komme.

De ferwachting fan provinsje, gemeente en ûndernimmers is dat dit in ekstra ympuls jaan sil oan de Burgumer ekonomy. It parkearen bliuwt fergees.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)