Werynrjochting Kazemattemuseum

02 jan 2014 - 10:40
  • Kazemattemuseum

Yn it Kazemattemuseum yn Koarnwertersân binne se tongersdei dwaande mei de grutte werynrjochting. De kolleksje wurdt opnij oer de bunkers ferdield, om sa it ferhaal fan de bou fan de Ofslútdyk en it ûntstean fan de kazematten better te fertellen.

Sûnt de iepening fan it museum yn de jierren '80 is de presintaasje fan de kolleksje net mear echt oanpast, wylst der wol nije kazematten iepensteld binne. De werynrjochting moat yn april 2015 klear wêze, dan bestiet it museum 30 jier.

Yn de takomst sil it museum ek omtinken jaan oan de Kâlde Oarloch. Nêst de werynrjochting kriget it museum in pear nije eksposysjeromtes. Ek komme der mear ynformaasjebuorden en moat de audiotoer op 'e nij ynsprutsen wurde. Henk Cieraad fan it Kazenmattemuseum tinkt dat de hiele werynrjochting sa'n 300 tûzen euro kostje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)