Werynrjochting Deinum-Boksum set moandei útein

29 nov 2015 - 12:14

It projekt werynrjochting Deinum-Boksum giet moandei offisjeel fan start. Der wurdt begûn mei it opromjen fan de âlde N31 op 'e hichte fan de Westergoabrêge. Deputearre Poepjes, boargemaster Van Mourik en wethâlder Dijkstra jouwe dêrfoar mei bern fan basisskoalle Twaspan út Deinum it startsein. Sy ride foar it lêst oer de âlde N31, foardat de dyk iepenbrutsen wurdt.

It gebiet tusken Deinum en Boskum wurdt op 'e nij ynrjochte. Deinum krijt in nije doarpsrâne. Ek komme der nije sportfjilden en in farrûte oant Boksum ta.

It wurk moat yn 2017 klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)