Werynjochting sintrum Frjentsjer

14 apr 2003 - 00:00

Lang om let is moandei út ein set mei de werynrjochting fan de binnenstêd fan Frjentsjer. It giet om in projekt fan 7 miljoen euro foar in kompakt winkelgebiet mei kuierrûtes. Om't ek de Europeeske subsydzje fan 40% rûn wie, koe deputearre Andriesen moandeitemoarn it startskot jaan.

Troch ynspraak fan boargers en troch de burokrasy duorre it jierren foar't de skep de grûn yn koe. Ek de Europeeske subsydzje liet op him wachtsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)