Weryndieling sintrum Hearrenfean

18 maaie 2001 - 00:00

It sintrum fan It Hearrenfean krijt in opknapbeurt. Kommende moandei begjinne de wurksumheden op 'e Dracht Wethâlder Bouwers warskôget no al dat publyk en winkelpersoniel wol wat oerlêst te wachtsjen stiet.

It projekt moat 14 miljoen gûne kostje. De gemeente en de pleatslike middenstân nimme elk 4 miljoen foar har rekken, de rest komt út subsydzjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)