'Weryndieling helpt net'

26 aug 2008 - 21:09

Kollumerlân sjit neat op mei weryndieling mei ien of mear buorgemeenten. Dy konklúzje lûkt buro Berenschot yn in rapport dat it foar de gemeente makke hat. Kollumerlân stjoert al in jier oan op fúzje mei Achtkarspelen.

Mar ek nei sa'n weryndieling - ek mei mear gemeenten - bliuwe de problemen fan no bestean. Allinne yntinsive gearwurking yn in grutter gebiet kin Kollumerlân foarút helpe, tinkt Berenschot.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)