Weryndieling Dongeradiel

08 mrt 2012 - 11:50
  • It gemeentehûs fan Dongeradiel yn Dokkum

Boargemaster en wethâlders fan Dongeradiel sette yn op in weryndieling mei Dantumadiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân. Dat is ek wat de provinsje wol. De gemeentlike fúzje soe foar 1 jannewaris 2015 syn beslach krije moatte.

Dongeradiel wurket op in soad flakken no al nau gear mei Dantumadiel, mar fynt gearwurking allinnich net mear genôch om funksjonearje te kinnen. Neist Dantumadiel soe der ek praten wurde moatte mei Ferwerderadiel en Kollumerlân.

De ried fan Dongeradiel moat him noch útsprekke oer de fyzje op de weryndieling fan boargemaster en wethâlders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)