'Werstel yn guon sektoaren'

12 aug 2013 - 12:44

Deputearre Jannewietske de Vries sjocht tekenen fan ekonomysk werstel yn guon sektoaren. De agraryske sektor en benammen de suvel dogge it goed op 't heden. Dat sei se yn reaksje op it opinypanel fan Omrop Fryslân en Een Vandaag, dat yn grutte mearderheid tige somber is oer de Fryske ekonomy Hast de helte fan de Friezen tinkt sels dat de Fryske ekonomy earst fierder achterútbuorkje sil, foardat it wer better wurdt.

De deputearre begrypt wol wêrom't in soad Friezen somber binne oer de Fryske ekonomy.

De provinsje stekt 300 miljoen yn de fersterking fan de ekonomy en yn learwurkbanen foar jongeren. Nei ferrin fan tiid moat dat seker fertuten dwaan, sa tinkt de deputearre. Se tinkt sels ek dat it noch wol in pear jier duorje sil foardat de ekonomy wer oer de folle breedte goed draaie sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)