Weropbou tsjerke It Amelân

02 jul 2013 - 16:27
  • Brân tsjerke Amelân

De Sint Clemenstsjerke op It Amelân sil net earder as healwei 2015 klear wêze. Dat ferwachtsje it parochybestjoer en de Stichting Behoud Kerkelijke Gebouwen in Friesland. Beide binne op dit stuit dwaande mei de tariedings fan de weropbou. Utgongspunt dêrby is dat de oarspronklike foarm fan de tsjerke behâlden bliuwt. Wol wurdt besjoen hoe't de tsjerke yn de takomst brûkt wurde moat en hoe't er te eksploitearjen falt. Dêrnei moatte de fergunningen noch oanfrege en ferliend wurde. De Sint Clemenstsjerke brânde begjin febrewaris ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)