Weropbou ôfbaarnde gebouwen Kelders offisjeel úteinset

14 apr 2015 - 16:24
  • Wethâlder Isabelle Diks (mei bosk blommen)

Wethâlder Isabelle Diks fan de gemeente Ljouwert hat tiisdeitemiddei de earste peal oan de Kelders yn 'e grûn boarre. Dêrmei set de weropbou fan 'e gebouwen offisjeel útein. Dy giene oardel jier lyn ferlern by in grutte brân. Op 13 oktober 2013 baarnden in pear gebouwen oan de grûn ta ôf. By de brân kaam in man op it libben.

Ein dit jier moat de weropbou klear wêze. Dan kinne de bewenners werom nei de Kelders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)