Weromsjen op útbraak tongblier

11 apr 2011 - 11:39

It is tsien jier lyn dat yn Ie by kij tongblier konstatearre waard. Op 11 april 2001 waarden kij op de pleats yn Ie romme. Ek kij yn in sirkel fan twa kilometer om de pleats hinne moasten dea.

Ut de regio kamen boargers yn ferset tsjin it romjen fan sûne kij. Boerinne Christine Schneider fan Raard en Greetje van den Berg út Dokkum rjochten it komitee Ent Europa op. Se fierden aksje tsjin it ferbod op intsjen tsjin tongblier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)