Weromkear Alves ûnwis

31 okt 2013 - 12:14
  • Afonso Alves

De Braziliaan Afonso Alves hat tongersdei net meitraind mei it belofteteam fan SC Hearrenfean. De Braziliaanske oanfaller kaam net yn aksje om't de klup earst noch formaliteiten ôfhannelje moat, liet de parsefoarljochter fan Hearrenfean litte. De topspits kaam woansdei oan yn Nederlân en soe tongersdeitemoarn mei it belofteteam meitraine om syn kondysje op peil te hâlden.

Inkelde tsientallen fans by it Abe Lenstra-stadion gongen teloarsteld wer nei hûs. Freed moat dúdlik wurde oft Alves wol of net weromkomt by SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)