Werom fan skoalle op see

30 apr 2012 - 17:33

Mear as tritich VWO-learlingen kamen dit wykein werom fan in edukative seereis fan in heal jier. Dêrby wiene ek fjouwer learlingen út Fryslân. Se hawwe meidien oan de saneamde School At Sea. Dêrby leare se selsstannich te wurkjen en ferantwurdlikheid te nimmen.

Oerdeis diene de learlingen harren skoalwurk, mar tagelyk moasten se ek helpe by it wurk oan board. Mei in grut sylskip hawwe se ûnder oare nei de Antillen west, mar ek nei Cuba en noch folle mear plakken. Nei de maaiefakânsje moatte se wer yn de skoalbanken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)