Werle twadde op skaaktoernoai

31 des 2009 - 13:51
  • Jan Werle

Skaker Jan Werle út Beetstersweach is twadde wurden op it skaakfestival yn Grins. Yn de lêste ronde spile er mei swart remize tsjin de regearjend Nederlânsk kampioen Anish Giri. Werle kaam doe op 6.5 punten út 9 partijen.

It sterk besette toernoai waard wûn troch it 13-jierrige wûnderbern Ilja Nizjnik út Oekraïne, dy´t 7.5 punten pakte út 9 partijen. Fan de oare Friezen einige Daan Brandenburg it heechst, hy kaam mei 6 punten op it sânde plak yn it klassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)