Werkenning fan analfabetisme

08 sep 2010 - 23:12

Bedriuwen en ynstellings yn Fryslân kinne sûnt woansdei mei de digitale werkenningswizer tsjekke oft der ûnder de wurknimmers minsken binne dy't net of hast net lêze en skriuwe kinne.

It systeem is in inisjatyf fan de gemeente Ljouwert en it Friesland College. Nei it dwaan fan de test komt der in skoare út dêr't bedriuwen dan fierder mei moatte. It benaderjen fan de minsken is dan wol in hiele stap, mar soms is it foar de oanbelangjende minsken ek in opluchting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)