'Werk Dantumadiel' opdoekt

15 des 2005 - 08:00

De stichting Werk Dantumadiel wurdt op 1 jannewaris opdoekt. Alle alve wurknimmers krije dien. It wurk wurdt oernaam troch de Stichting Welzijn Dantumadiel, dy't wurk siket foar minsken sûnder baan.

Werk Dantumadiel is troch feroarings yn de wet Werk en Bijstand oerstallich wurden. Foar de minsken dy't oan it wurk binne by de soarchbuorkerij, de putsjetsjinst en de kringkloopwinkel hat de oername gjin gefolgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)