Weriepening tsjerke Nijlân

23 nov 2008 - 13:44
  • De mysterieuze krúk

Yn Nijlân wurdt freed de restaurearre tsjerke iepene. It wurk oan de tsjerke duorre hast in jier ek koste 1,2 miljoen euro. De opknapbeurt wie nedich neidat de bûnte kjifkrobbe hast al it houtwurk oantaaste hie en ynstoartingsgefaar drige.

In grut part fan it oarspronklike houtwurk moast ferfongen wurde. Ek hat it tjerkoargel in grutte beurt krigen. By it wurk waard ek noch in mysterieuze krúk út 1518 fûn. Dizze siet ynmetsele yn in muorre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)