'Weriepening kanaal min taret'

18 jan 2010 - 16:03

Opsterlân hat de weriepening fan it Polderhoofdkanaal foar de skipfeart net goed taret. Mei dêrtroch lei de rjochter it wurk oan it kanaal yn 2007 stil nei beswieren fan omwenners en natuerorganisaasjes. Dat stiet yn in nij rapport yn opdracht fan 'e gemeenteried fan Opsterlân.

Sinjalen oer de seldsume streepte wetterrôfkrobbe yn it kanaal binne net serieus naam. Foarsitter fan 'e kommisje dy't it rapport skreaun hat, is âld-kommissaris Loek Hermans.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)