Weriepening azc noch ûnwis

06 des 2005 - 15:13

B&W Eaststellingwerf meitsje woansdei bekend oft it azc yn Appelskea brûkt wurde sil as needopfang foar útprosedearde asylsikers. Moandei wiene gemeente en COA noch akkoart oer de weriepening. Doe't de gemeente it kontrakt lykwols foarlein krige, die bliken dat it net allinne om in needopfang gong mar ek om in sintrum foar opfang fan oare flechtlingen.

Neffens de gemeente wie dat net de ôfspraak. Der soe no in oplossing wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)