Wergeaster ûnderút op Skrâns yn Ljouwert

30 maaie 2015 - 11:27

In 53-jierrige ynwenner fan Wergea is freedtemoarn ferwûne rekke by in oanriding op de Skrâns yn Ljouwert. It slachtoffer krige gjin foarrang fan in 23-jierrige ynwenster fan Ljouwert dy't ôfslaan woe nei de Huzumerleane en de snorfytser oer de kop seach. It slachtoffer is mei in stikken skouder nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)