Wergea krijt der 140 huzen by

16 jan 2007 - 11:31
  • Yn Wergea komme der 140 nije huzen by

De ferkeap fan de earste tolve kavels fan 'e nijbou Grut Palma by Wergea is offisjeel begûn. Wethâlder de Vries fan Boarnsterhim oerlange de ferkeapbrosjuere Pleatslik Belang Wergea.

Oan 'e súdwestkant fan it doarp komme 140 wenten. Net alle Wergeasters binne entûsjast oer de doarpsútwreiding. Der binne sels rjochtsaken tsjin fierd. De earste partikuliere kavels wurde mei lotting ferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)