Wergea kampioen net-smoken

27 maaie 2002 - 00:00

Fuotbalferiening Wergea is kampioen as it giet om net-smoken-belied. Mei dat belied wint de klup de Gerbera-award, in priis foar in persoan of organisaasje dy't him ynset hat foar in belied fan net-smoken.

De priis is in inisjatyf fan Defacto, de eardere Stivoro. Hy wurdt dit jier foar 't earst útrikt. Dat bart woansdei oan it jeugdalvetal en it bestjoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)