Werfskoalle faak yn 'e prizen

06 okt 2014 - 14:00
  • Skipswerf De Vries yn Makkum

De bedriuwsskoalle fan Keninklike Skipsbou De Vries yn Makkum docht it goed. It begûn trije jier lyn as in projekt om better personiel te krijen. De eigen oplieding fan de werf yn Makkum docht it sa goed dat it prizen reint yn binnen- en bûtenlân. Sa waarden se 'oplieding fan it jier' foar jachtskilders en in timmermanslearling foel yn de prizen by in grutte wedstriid yn it Frânske Lille.

De learlingen krije les op de werf sels en kinne dêr fuortendaliks oan de slach. Foar de werf sels is it ek in grut foardiel. Se hawwe no mear kontrôle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)