Werf Bylsma makket wurk ôf

15 mrt 2004 - 00:00

By skipswerf Bylsma op 'e Lemmer wurdt foarearst wer wurke. Kurator Rotshuizen hat dêroer oerienstimming berikt mei de bank en de direksje. It giet om it ôfmeitsjen fan it wurk dêr't de werf de ôfrûne wiken mei dwaande wie. Bylsma-personiel sil it wurk dwaan.

De kurator ferwachtet de kommende dagen mear dúdlikens te krijen oer in oername. Der binne fjouwer kandidaten. De werf is mei in grutte skuld fallyt ferklearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)