Werbou McDrive giet gewoan troch

21 des 2005 - 11:37

De werbou fan de McDonalds by Goutum giet foarearst gewoan troch. Achterbuorlju fan de McDrive hiene beswier oantekene tsjin de bou. By de werbou wurdt it fastfood-restaurant trije meter grutter. De beswiermakkers ferwachten dêrtroch mear oerlêst fan lawaai, stank en omhingjende jongerein.

Dy soargen koene tiisdei yn in oerlis mei de eigners en de gemeente weinommen wurde. Yn jannewaris folget nij oerlis oer hoe de oerlêst te beheinen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)