Werbou Clemenstsjerke It Amelân is los

23 okt 2015 - 14:59
  • Opbou Clemenstsjerke

De werbou fan de Sint-Clemenstsjerke op It Amelân is fan start. De planning is dat de tsjerke takom july wer yn gebrûk naam wurde kin. Der sil dan noch in jier skildere wurde, mar de tsjerke kin dan al wol brûkt wurde. It hat lang duorre foar de bou starte koe.

De tsjerke wie goed fersekere, mar der moast in soad regele wurde nei de brân. Sa woenen se in nije enerzjysunige kachel yn de tsjerke pleatse, mar dat woe de fersekeringsmaatskippij net betelje. In soad papierwurk sa as fergunningen moasten ek regele wurde.

Boubedriuw Friso Restauraasje út Ljouwert sil de Clemenstsjerke wer opbouwe. De tsjerke baarnde op 5 febrewaris 2013 foar it grutste part ôf.

De werbou kostet goed trije miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)