Wer ynbraak juwelier Stiens

14 aug 2010 - 13:20

By juwelierssaak Nynke Edelsmid oan de Langebuorren yn Stiens is freedtenacht ynbrutsen. It is al de tredde kear dit jier. Op 'e nij binne in noch ûnbekend oantal sieraden stellen. Om binnen te kommen, waard in rút fernield.

De plysje en minsken fan in befeiligingsbedriuw hawwe yn de omjouwing noch socht nei ien of meardere dieders. Mar dit hat neat opsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)