Wer yn tsjerken ynbrutsen

05 des 2010 - 12:30

Yn Aldhoarne en yn Aldehaske is dit wykein ynbrutsen yn de tsjerke. Yn Aldhoarne gong it om de tsjerke oan de Schoterlandseweg. Dêr waard in rút fernield. Binnen waarden kasten iepenbrutsen en doarren fernield. Der is in pear euro oan jild meinommen.

Ek fan de tsjerke oan de Badweg yn Aldehaske waard in rút fernield om binnen te kommen. In sindingsbus mei in ûnbekend jildbedrach is fan de muorre helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)