Wer winterfestival yn Ljouwert

13 nov 2009 - 17:16
  • Der komt ek wer in iisbaan op it Aldehoustertsjerkhôf

Ljouwert krijt wer in winterfestival. Fan 6 desimber oant 10 jannewaris stiet it Aldehoustertsjerkhôf yn it teken fan tal fan feesten en oare aktiviteiten lykas reedriden.

Sa komt der in keunstiisbaan, in tinte en in grutte iglo op it plein te stean en ek de Prinsetún wurdt yn it festival behelle. Der wurde mear as 150.000 minsken ferwachte. De kosten wurde rûsd op trije ton, dy't op it kleed brocht wurde troch sponsors en de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)