Wer winst Sierd Steigenga

20 maaie 2006 - 12:37

Sierd Steigenga fan Eksmoarre wûn freedtejûn it kritearium fan Haren. Hy wie de rapste fan in kopgroep fan trije man. Ger Soepenberg (Den Ham) waard twadde, Lieuwe Westra fan Mûnein tredde. Germ van der Burg (Folsgeare) wûn de sprint fan de achterfolgjende groep en waard fjirde.

It wie foar Steigenga de tredde oerwinning yn ien wike tiid. Earder wie hy ek de bêste yn Oerterp en Angelslo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)