Wer winst sealfuotballers H'fean

27 mrt 2004 - 00:00

De sealfuotballers fan Hearrenfean ha freed wer in wichtige stap set yn 'e rjochting fan it kampioenskip fan 'e earste divyzje. Hearrenfean wûn út yn Haren mei 2-5 fan Interdako. Tagelyk liet konkurrint AORC punten lizze tsjin de Estudiantes.

Mei noch trije wedstriden te spyljen stiet Hearrenfean al acht punten foar op nûmer twa. De sealfuotballers fan Avanti Stiens dogge it minder; sy steane op it foarlêste plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)