Wer winst partoer Dijkstra

19 aug 2007 - 16:55

De generale foar de frouljus PC fan kommende woansdei yn Weidum is snein wûn troch it partoer Géjanne Dijkstra, Gérieke de Groot en Afke Hijlkema. It partoer wûn yn Akkrum de finale mei 5-3 en 6-6 fan Sjoke van der Veen, Hermanna Miedema en Leonie van der Graaf.

It partoer Dijkstra wûn sneon ek al yn Goaiïngea en is ien fan de favoriten foar de PC. Dijkstra en Hijlkema ha de PC al njoggen kear wûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)