Wer winst partoer De Groot

20 jul 2011 - 21:28

It partoer fan Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Pier Piersma hat de fjirde frije formaasjewinst binnen. Yn Minnertsgea waard yn de striid om priis en preemje it trio Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger mei 5-5 en 6-0 ferslein. Van der Bos-en-dy namen in foarsprong fan skjinne trije earsten, mar dêrnei begûn de sterke ynhelrace fan it partoer De Groot.

Snein op de Rengersdei waard deselde finale mei deselde útslach ferkeatst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)