Wer winst jong Hearrenfean

29 jan 2007 - 20:58

Fuotbalclub jong Hearrenfean hat moandei goeie saken dien om de kopposysje by de beloften te ferstevigjen.

Yn Rotterdam waard mei 0-1 fan Feyenoord wûn en de direkte konkurrinten Twente en Utrecht lieten punten lizze. Hearrenfean kaam tsjin Feyenoord yn de 44e minút op foarsprong troch in doelpunt fan Oguzhan Turk. Yn de twadde helte koe Hearrenfean goed stân hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)