Wer winst follybalsters Snits

28 okt 2012 - 15:29

De follybalfroulju fan Snits ha sneontejûn harren winstrige fan de ôfrûne wiken trochset. Yn Grins boekten de froulju in 3-1 oerwinning op Energy Volley. De earste set gong nei de thúsploech, mar dêrnei liet de ploech fan trainster Petra Groenland der gjin twifel oer bestean wa't de bêste wie. Setstannen 25-20, 14-25, 16-25 en 21-25.

It is de tredde oerwinning op rige, wêrtroch't de Snitser froulju no mei 9 punten út 4 wedstriden op it twadde plak steane. Koprinner is Sliedrecht Sport mei 11 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)