Wer winst foar TU Delft

26 jun 2008 - 17:32

Yn de fjirde etappe fan de Frisian Solar Challenge fan Boalsert nei Frjentsjer is de boat fan de TU Delft tongersdei wer as winner oer de streek kommen.

Dy boat fart it hurdst fan allegear mei snelheden fan hast 24 kilometer yn 'e oere. In tal boaten hie rommel yn 'e skroef krigen en fjouwer boaten wiene te stadich en waarden by Harns út de race nommen. De útfallen boaten meie freed wol wer starte foar de etappe fan Frjentsjer nei Dokkum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)