Wer winst foar Heerenveen

28 nov 2005 - 12:15

SC Heerenveen hat snein mei 2-0 wûn fan RBC. Foar de Feansters skoarden Arnold Bruggink en Hjalte Bo Nørregaard. De oerwinning wie in matige ôfspegeling fan de ferhâldings, om't De Feansters lang fersommen om ôfstân te nimmen. Spits Huntelaar fan Heerenveen foel blesseard út.

Troch de oerwinning op de nûmer lêst komt Heerenveen op it fyfde plak yn de earedivyzje. Sneon stiet de drege útwedstriid tsjin AZ op it programma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)