Wer winst foar Grondsma

01 aug 2006 - 10:29

Jitze Grondsma hat mei it skûtsje De Heale Moanne ek de twadde sylwedstriid fan de SKS wûn. Grondsma lei de hiele race ûnbedrige oan kop.

Spannender wie it efter de nûmer ien. Op it nauwe wetter fan De Feanhoop gie it mâl. Al frij gau strutsen Earnweâld en Huzum de seilen mei averij. Letter yn de race waard De Jouwer, doe noch riant twadde, oanfearn troch Boalsert. Yn totaal dus fjouwer útfallers, op in spektakulêre syldei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)