Wer winst foar De Lemmer

08 aug 2000 - 17:44

De Lemmer hat moandei op 'e nij it SKSskûtsjesilen wûn. Ale Zwerver sylde op it wetter by Wâldsein fan it begjin ôf op kop en hie in frij maklike oerwinning. Ljouwert waard twa, It Fean trije.

Klassemintslieder Grou hie in minne dei. Berend Mink kaam by de start net goed fuort en koe de achterstân net mear ynrinne. Hy waard sande. Yn it klassemint stiet Grou noch boppe-oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)