Wer winst foar Aris

20 mrt 2010 - 23:39

De basketballers fan De Friesland Aris ha sneontejûn de tredde wedstriid op rige wûn. Yn en tsjin Weert waard it 88-79 foar de Ljouwerters. It ferskil waard makke yn de earste twa kwarten. Aris wûn beide, mei 25-15 en 17-11.

Dêrnei pakte Weert de winst mei 28-23 en 25-23. Jayme Miller wie mei 20 punten de tûkste Aris-spiler. Aris bliuwt sechsde yn de tuskenstân. Der moatte noch fjouwer wedstriden spile wurde, dêrnei begjint de play-off.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)