Wer winst foar Accell-fytsen

22 jul 2011 - 09:44

Fytsefabrikant Accell fan It Hearrenfean hat it ôfrûne heal jier 13 persint winst makke. De omset groeide nei hast 400 miljoen euro. De nettowinst gie nei goed 27 miljoen. Neffens Accell draait it bedriuw goed omdat de belangstelling fan minsken foar miljeu, sûnens en rekreaasje grut bliuwt. En dêr past in goeie fyts by.

Der is foaral in soad belangstelling foar moderne sportfytsen en elektryske fytsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)