Wer wetter yn feart Eastersee

28 sep 2006 - 13:36

Yn Eastersee, by De Lemmer, streamt sûnt tongersdeitemoarn wer wetter troch de Giterske Feart. De feart waard ein jierren '60 ticht goaid, mar is wer útgroeven. Dat is ûnderdiel fan in projekt om it doarp oantrekliker te meitsjen foar toeristen.

Yn it ramt fan it projekt wurde ek huzen boud, strjitten opknapt en rekraasjefoarsjennings oanlein. It opknappen fan Eastersee kostet inkelde miljoenen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)