Wer ûntslaggen by SiSa

09 sep 2013 - 12:04

Bernedeiopfang SiSa moat opnij minsken dien jaan. Dêrtroch ferlieze mei yngong fan 1 jannewaris takom jier 41 minsken harren baan. It giet om santjin folle banen. Yn maart wie der ek al in grutte ûntslachronde. Doe wie der foar 118 minsken gjin wurk mear. Dat kaam benammen troch besunigings op de berneopfang. Wat no de haadreden is, is dat minsken dy't wurkleas wurde, de bern fan de opfang helje.

Sisa hat 48 festigings, ferspraat oer hiel Fryslân. Gjin ien fan dy festigings giet ticht.

Foar de ûntsleine minsken sil SiSa mei de fakbûnen ôfspraken meitsje oer in sosjale paragraaf. Direkteur Louise Wiersma ferwachtet net dat der noch mear ûntslaggen komme sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)