Wer universitêr ûnderwiis

26 nov 2010 - 06:29

Fan takom jier ôf kinne der yn Fryslân wer universitêre stúdzjes folge wurde. Dan begjint yn Ljouwert de University Campus Fryslân. Dat is in akademysk netwurkferbân fan de hegeskoallen yn Ljouwert en fjouwer universiteiten.

Takom jier kinne der tusken de 20 en 40 studinten begjinne. It stribjen is úteinlik 400 studinten. De ûntwikkeling fan de UCF kostet sa'n 18 miljoen euro. De provinsje en de gemeente Ljouwert betelje dy earste kosten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)