Wer ûngelok by klaverblêd by It Hearrenfean

31 maaie 2015 - 15:22

By It Hearrenfean is snein wer in ûngelok bard op de A7, by it klaverblêd. In auto botste dêr tsjin de fangrail, neidat de bestjoerder fan de A32 ôf de ynfoechstrook opriden wie, rjochting De Jouwer. It bleau dizze kear by materiële skea.

Op likernôch itselde plak barde sneon ek al in ûngelok. Doe wienen der meardere auto's by belutsen. Twa minsken rekken lichtferwûne. De plysje kin noch net sizze oft der in ferbân is tusken beide ûngelokken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)