Wer ûngelok Himriksein

16 nov 2012 - 18:45

By in ûngelok op it Himriksein by Ljouwert binne twa minsken ferwûne rekke. It barde freed oan 'e ein fan de middei. In auto mei oanhinger dy't fan de Wâldwei kaam botste tsjin in auto op de Drachtsterwei, yn de rjochting fan Ljouwert. Ien fan de ferwûnen moast troch de brânwacht út de auto helle wurde.

Nei de krekte tadracht fan it ûngelok wurdt noch ûndersyk dien. De ôfslach fan de Wâldwei ôf hat ôfsletten west, it oare ferkear op de dyk hat in pear oeren stadich riden. It is de tredde kear yn fiif wike tiid dat der op dat plak in ûngelok bart. Dat hat mooglik te krijen mei skermen dy't pleatst binne om de wurksemheden oan de dyk. Dertroch sjogge bestjoerders oare auto's minder goed oankommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)