Wer ûndersyk nei lûd JSF

03 sep 2009 - 20:35
  • Der komt in nij ûndersyk nei de lûdshinder fan 'e JSF

In nij ûndersyk moat in ein meitsje oan alle ûndúdlikens oer it lûd fan 'e JSF, de opfolger fan 'e F16. Dêr binne yn 'e lêste moannen in soad rapporten oer nei bûten kaam mei hast alle kearen in oare útkomst. De sifers oer hoefolle leven de JSF makket, leinen dêrby fier útelkoar.

Om boppe tafel te krijen hoe't dat kin, hat de kommisje lûdshinder fan 'e fleanbasis Ljouwert it Nasjonaal Lucht en Ruimtevaartinstituut de opdracht jûn dy ferskillen neier te besjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)