Wer twa wytwaskoanhâldings

27 maaie 2014 - 14:27

De plysje yn Ljouwert hat wer nij twa oanhâldings dien yn it grutte wytwasûndersyk. It giet om in 43-jierrige man en in 52-jierrige frou út Ljouwert. Beiden wurde fertocht fan it wytwaskjen fan krimineel jild. De man en frou sitte noch fêst.

Neist de twa arrestanten fan no sitte noch trije oare minsken fêst dy't de ofrûne wiken oanhâlden binne. De haadfertochten binne twa Ljouwerters fan 34 en 47 jier en in 51-jierrige frou út Ljouwert. In 24-jierrige frou dy't earder oanhâlden waard, is wer frijlitten. Se bliuwt wol fertochte yn de saak.

De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk en slút mear oanhâldings net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)