Wer twa klokken yn Rinsumageast

05 maaie 2006 - 14:41

Foar it earst sûnt 63 jier is yn Rinsumageast wer it lûd fan de twa klokken fan de Herfoarme Tsjerke te hearren. Freedtemoarn binne de klokken offisjeel yn gebrûk naam. Yn de oarloch binne de twa klokken troch de Dútsers út de toer helle.

De lytse klok kaam nei de oarloch werom. De grutte klok moast opnij oankocht wurde. De stifting De Grutte Klok hat derfoar soarge dat dat barde. It projekt koste goed 135.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)