Wer tsjûgen yn saak Oldenbroek

24 des 2009 - 10:05

De plysje is opnij dwaande mei it hearren fan tsjûgen yn de saak Tom Oldenbroek fan Parregea. Dy waard yn febrewaris 2000 nei in jûntsje stappen fûn yn in sleat, krekt bûten Skraard.

Ut plysje-ûndersyk die doedestiids bliken dat er ferdronken wie, mooglik ûnder ynfloed fan alkohol en medisinen. Syn mem hâlde lykwols rekken mei in misdriuw. Neffens in wurdfierder fan justysje binne der de lêste tiid spontane ferklearrings ôflein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)